CINXE.COM

Ynvestearjen - Sideskiednis

<?xml version="1.0"?> <feed xmlns="http://www.w3.org/2005/Atom" xml:lang="fy"> <id>https://fy.wikipedia.org/w/index.php?action=history&amp;feed=atom&amp;title=Ynvestearjen</id> <title>Ynvestearjen - Sideskiednis</title> <link rel="self" type="application/atom+xml" href="https://fy.wikipedia.org/w/index.php?action=history&amp;feed=atom&amp;title=Ynvestearjen"/> <link rel="alternate" type="text/html" href="https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Ynvestearjen&amp;action=history"/> <updated>2024-11-28T15:17:26Z</updated> <subtitle>Sideskiednis foar dizze side op de wikipedy</subtitle> <generator>MediaWiki 1.44.0-wmf.5</generator> <entry> <id>https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Ynvestearjen&amp;diff=1004126&amp;oldid=prev</id> <title>Ieneach fan 'e Esk: nije side</title> <link rel="alternate" type="text/html" href="https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Ynvestearjen&amp;diff=1004126&amp;oldid=prev"/> <updated>2020-07-23T20:05:06Z</updated> <summary type="html">&lt;p&gt;nije side&lt;/p&gt; &lt;p&gt;&lt;b&gt;Nije side&lt;/b&gt;&lt;/p&gt;&lt;div&gt;'''Ynvestearjen''', oftewol it dwaan fan in '''ynvestearring''', is yn 'e [[ekonomy]] it meitsjen fan in opoffering op it mêd fan [[jild]], [[tiid]] of [[personiel|mankrêft]] (personiel) foar in doel dat pas op 'e lange termyn behelle wurde kin. Yn it deistich spraakgebrûk wurdt ynvestearjen faak yn in rommere betsjutting útlein, wêrby't de klam lein wurdt op in [[besteging|útjefte]] no, dy't yn 'e [[takomst]] [[opbringst]]en generearje sil.&lt;br /&gt; &lt;br /&gt; ==Ynvestearjen fan jild==&lt;br /&gt; ===Algemiene útlis===&lt;br /&gt; Mei in ynvestearring wurdt de foarrie fan [[kaptaalguod]] fergrutte, bgl. by de bou fan in [[masine]] of in [[fabryk]] troch in [[bedriuw]] om [[produkt (ekonomy)|produkten]] te meitsjen. De ynvestearring wurdt weromfertsjinne troch de produkten te [[ferkeap]]jen. Yn 'e [[priis (kosten)|ferkeappriis]] binne dan ntl. de [[ôfskriuwingskosten]] fan 'e masine of it fabryk ynbegrepen. De [[ekonomy]]ske [[formule]] dy't by dat soarte fan ynvestearrings heart, is: &lt;br /&gt; :&amp;lt;math&amp;gt;Nettoynvestearring=Brutoynvestearring&amp;lt;/math&amp;gt; – &amp;lt;math&amp;gt;Ofskriuwing&amp;lt;/math&amp;gt;&lt;br /&gt; &lt;br /&gt; ===Ferfangings- en útwreidingsynvestearrings===&lt;br /&gt; Ynvestearrings dy't in bedriuw docht om kaptaalguod dat fan [[slitaazje]] te lijen hat, te ferfangen, wurde '''ferfangingsynvestearrings''' neamd. Dy hâlde de al besteande [[produksjekapasiteit]] op peil, mar fergrutsje him net. Ynvestearrings dy't dien wurde om 'e produksjekapasiteit grutter te meitsjen, hjitte '''útwreidingsynvestearrings'''. Foarbylden fan dat soarte fan ynvestearrings binne it setten fan in nije [[loads (gebou)|loads]] of de oanskaf fan in nije, bykommende [[masine]]. Bedriuwen moatte útwreidingsynvestearrings dwaan as harren maksimale produksjekapasiteit mei de besteande produksjemiddels berikt is. Troch nije produksjemiddels yn gebrûk te nimmen, wurdt dan de maksimale produksjekapasiteit fergrutte. De byhearrende ekonomyske formule is:&lt;br /&gt; :&amp;lt;math&amp;gt;Brutoynvestearring=Ferfangingsynvestearring&amp;lt;/math&amp;gt; + &amp;lt;math&amp;gt;Utwreidingsynvestearring&amp;lt;/math&amp;gt;&lt;br /&gt; Troch [[technology]]ske ûntwikkelings is it ûnderskie tusken ferfangingsynvestearrings en útwreidingsynvestearrings lykwols net altyd like dúdlik. As men in nije masine keapet om in âldenien, dy't ôfskreaun is, te ferfangen, mar de nije masine hat folle mear kapasiteit as de âlde, is it dan in ferfangingsynvestearring of in útwreidingsynvestearring?&lt;br /&gt; &lt;br /&gt; ===Djipte- en breedteynvestearrings===&lt;br /&gt; By in oare yndieling fan ynvestearrings wurdt útgien fan 'e hoemannichte kaptaal per meiwurker. By in [[djipteynvestearring]] wurdt de hoemannichte kaptaal per meiwurker fergrutte: nei de ynvestearring kin it bedriuw dan mear produkten meitsje mei itselde oantal of minder [[wurknimmer]]s. Sokke ynvestearrings kinne it resultaat wêze fan technologyske fernijings, hoewol't ek krapte op 'e [[arbeidsmerk]] in reden wêze kin. By in [[breedteynvestearring]] bliuwt de ferhâlding tusken kaptaal en [[arbeid (ekonomy)|arbeid]] gelyk. Sa'n ynvestearring kin in ferfangingsynvestearring wêze wêrby't de produksjekapasiteit net feroaret of in útwreidingsynvestearring wêrby't tagelyk ek mear wurknimmers oannommen wurde.&lt;br /&gt; &lt;br /&gt; ===Ynvestearring en kosten===&lt;br /&gt; Yn 'e [[ekonomy]] sprekt men fan in ynvestearring en net fan [[kosten (boekhâlding)|kosten]] as it doel fan in útjefte pas op 'e lange termyn behelle wurde kin. De grins leit almeast by in [[jier]]. &lt;br /&gt; &lt;br /&gt; In foarbyld. As immen in [[bier]]ke keapet en it [[konsumpsje|daliks opdrinkt]], is der gjin sprake fan in ynvestearring, mar fan kosten: it doel, it drinken fan bier, wurdt fuortendaliks berikt en der wurdt gjin [[winst]] makke. As men lykwols in bierke foar in oar keapet, mei yn 'e efterholle it idee dat dy persoan ferstân fan [[kompjûter]]s hat en men him letter, as men problemen mei de kompjûter kriget, ris om help freegje kinne sil, kin soks beskôge wurde as in ynvestearring. Itselde jildt foar bedriuwen: de oanskaf fan [[grûnstof]]fen foar de [[produksje]] fan guod is gjin ynvestearring om't it produksjeproses oer it algemien op in frij koarte termyn ôfrûne is. It keapjen fan in nije masine, wêrby't it fiif oant tsien jier duorje sil foar't it apparaat himsels weromfertsjinne hat, is lykwols àl in ynvestearring.&lt;br /&gt; &lt;br /&gt; Ynvestearrings wurde dan ek yn 'e measte gefallen dien foar [[kaptaalguod]], lykas masines, [[gebou]]wen en [[transport]]middels. Kaptaalguod leveret in bydrage oan it einprodukt, mar makket gjin ûnderdiel út fan it einprodukt. Kaptaalguod hat oer it algemien in libbensdoer fan teminsten ferskate jierren.&lt;br /&gt; &lt;br /&gt; ===Ferwurking yn 'e jierrekken===&lt;br /&gt; Ynvestearrings liede gauris ta in grutte útjefte by de oanskaf en wurde dêrom as besit ([[aktiva]]) opnommen op 'e [[balâns (boekhâlding)|balâns]] fan in [[ûndernimming]]. Ynvestearrings (besittings) liede faak ta (jierlikse) [[ôfskriuwing]]skosten en faak ek ta [[finansiering]]skosten (d.w.s. dat men foar de oanskaf in [[liening]] ôfslute moat dêr't [[rinte]] oer betelle wurde moat), [[ûnderhâld]]skosten, [[opslachromte|opslachkosten]], [[befeiliging]]skosten, [[fersekering]]skosten, ensfh. Dy kosten komme ta utering yn 'e [[winst- en ferliesrekken|resultaterekken]] fan 'e ûndernimming.&lt;br /&gt; &lt;br /&gt; ==Belizzen==&lt;br /&gt; Immen dy't jild stekt yn in bedriuw dat sines net is, wurdt in '''ynvestearder''' neamd. Sa'nent ferwachtet letter gjin [[rinte]] op syn ynvestearring, mar wol in diel fan 'e [[winst]]: in [[winstútkearing]]. Ynvestearjen yn dizze sin fan it wurd is besibbe oan [[belizzen]], mar it is net itselde. Belizzen is it oanskaffen fan finansjele wearden dy't frij ienfâldich te [[hannel|ferhanneljen]] binne, lykas [[faluta|frjemd jild]], [[oandiel]]en en [[obligaasje]]s. Kaptaalguod, lykas [[hûs|huzen]], [[fabriken]] en yn guon gefallen [[keunst]], falle net ûnder belizzings.&lt;br /&gt; &lt;br /&gt; ==Tiidsynvestearring==&lt;br /&gt; In ynvestearring is faak in opoffering fan jild, mar ek it opofferjen fan [[tiid]] kin in ynvestearring wêze. Immen kin neitinke oer in fraachstik, of in [[boek]] lêze, of in [[sosjaal netwurk]] opbouwe. Dat binne allegear dingen dy't as ynvestearrings útlein wurde kinne. Oare foarbylden binne it folgjen fan in [[oplieding]] of de training fan in [[sporter|atleet]] foar in [[sport]]prestaasje.&lt;br /&gt; &lt;br /&gt; {{boarnen|boarnefernijing=&lt;br /&gt; Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Investment ''References'', op dizze side].&lt;br /&gt; }}&lt;br /&gt; &lt;br /&gt; {{DEFAULTSORT:Investearjen}}&lt;br /&gt; [[Kategory:Ynvestearjen| ]]&lt;br /&gt; [[Kategory:Finansiering]]&lt;br /&gt; [[Kategory:Lienwurd út it Frânsk]]&lt;/div&gt;</summary> <author><name>Ieneach fan 'e Esk</name></author> </entry> </feed>